Peter and Wendy

Peter and Wendy
Omslach fan 'e earste printinge út 1911.
Omslach fan 'e earste printinge út 1911.
algemiene gegevens
auteur J.M. Barrie
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1911, Londen
oarspr. útjwr. Hodder & Stoughton

Peter and Wendy, ek wol bekend as Peter Pan, is in ferneamde roman út 1911 fan 'e hân fan 'e Skotske skriuwer J.M. Barrie (1860-1937), dy't it basearre op syn eigen toanielstik Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up, út 1904. It boek fertelt it ferhaal fan Peter Pan, in ûndogenske mar ûnskuldige jonge dy't fleane kin en dy't withoefolle aventoeren belibbet op it magyske eilân Neverland, dat bewenne wurdt troch elfkes, seemearminnen, Yndianen en seerôvers. Bekende personaazjes út 'e roman binne behalven Peter Pan it 'gewoane' famke Wendy Darling, it elfke Tinker Bell, de Yndiaanske prinsesse Tiger Lily en de wichtichste antagonist, de seerôver Kaptein Heak.

Sawol it oarspronklike toanielstik as de roman waarden ynspirearre troch it gesin Llewelyn Davies, fan wa't Barrie in hûsfreon wie. Peter and Wendy waard yn it Feriene Keninkryk útjûn troch Hodder & Stoughton, en yn 'e Feriene Steaten troch Charles Scribner's Sons. Yn 1929 droech Barrie de auteursrjochten op syn Peter Pan-wurken oer oan it Londenske Bernesikehûs fan Great Ormond Street, dat se foar wat it Feriene Keninkryk oangiet, noch altyd yn besit hat en der al mear as njoggentich jier fan profitearret. It ferhaal fan Peter and Wendy is bûten de Angelsaksyske wrâld benammen bekend fan 'e jûnfoljende tekenfilm Peter Pan, fan Disney, út 1953.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search